It jier fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 begjint rûnom yn de provinsje

Sûnder dy kinne we net begjinne!
Noch even en dan is it 2018, it jier fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd. In jier dêr’t in soad moaie projekten plakfine, mar ek in jier dat sûnder it entûsjasme fan alle ynwenners – ek dat fan dy – net kompleet is. Mei it tema Iepen Mienskip kinne we yn Fryslân grutsk sjen litte wêr’t we foar steane en we kinne der mei elkoar foar soargje dat we der binne, foar elkoar en de wrâld.  Tryater fersoarget de artistike ynfolling fan It Iepeningswykein en siket in  hiele soat fertellers! Mei 2018ferhalen begjint it jier fan LF2018!

 

2018ferhalen yn Fryslân
Op freedtejûn 26 jannewaris geane fan Skiermûntseach oant Aldemardum en fan Surch oant Appelskea om presys 19.00 oere oeral doarren iepen. We stappe yn de fuotspoaren fan de winterjûnenocht; it wurdt de jûn fan 2018ferhalen. Hiel Fryslân moetet elkoar yn winterwaarme sfear om ferhalen te fertellen en nei te lústerjen. Yn in hiel soad musea, op bysûndere plakken en by ynwenners thús.

2018ferhalen. Mei ik ek fertelle?
Wa binne dy fertellers? Is it ien dy’t ferbûn is oan in museum? Is it de buorfrou mei har iuwenâlde itensiedersboek? Of bisto de ferteller yn dyn eigen hûs en fertelst oer dy iene bysûndere foto? Dat soe sa mar kinne. Elkenien kin meidwaan. Yn eigen hûs, mar ek op in oar plak yn de buert. Alle ferhalen litte by elkoar sjen hoe ferskillend oft we binne, mar dochs ek hoe ferbûn oft we binne. It binne de ferhalen fan in Iepen Mienskip.

Grutte ferhalen, lytse ferhalen, lange ferhalen, koarte ferhalen. It makket net út. Elk ferhaal is in wrâld op himsels. Wês grutsk en doch mei. As ferteller of as harker.

Mear ynformaasje? Meidwaan?
Bist benijd hoe’t it wurket? Of wolst dy alfêst oanmelde? Sjoch dan op  2018verhalen.nl of mail nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Sûnder dy kinne we net begjinne!